DNA-striid giet troch

14 nov 2000 - 10:47

Misdiesjoernalist Peter R. de Vries wol mei in spoedappèl dochs noch in grutskalich DNA-ûndersyk ôftwinge yn 'e saak-Vaatstra. Dat hat er fia syn advokaat mr Moszkowicz bekendmakke.

De rjochtbankpresidint yn Ljouwert wiisde ferline wike sa'n ûndersyk ôf. Soks soe it rinnende ûndersyk yn it paad sitte. Nei goed oardel jier is de moardner fan Marianne Vaatstra noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)