DNA-oprop yn de bus

18 sep 2012 - 16:21

Goed 8000 mannen yn de omkriten fan Feankleaster hawwe tiisdei in útnoeging krige om mei te dwaan oan it grut dna-ûndersyk yn de saak Vaatstra. Se kinne dêr oant nije wike sneon oer neitinke. Op dy dei begjint de plysje mei it ôfnimmen fan dna. Justysje hopet op in grutte opkomst.

It giet om manlju dy't op de dei fan de moard op Marianne Vaatstra tusken de 16 en 60 jier wiene en dy't yn in striel fan 5 kilometer om Feankleaster hinne wennen. Ien fan de manlju is Jan de Vries. Hy hopet dat elkenien meidocht, ek al hat er syn twifels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)