DNA-ôfname begûn

29 sep 2012 - 10:46

Yn Noardeast-Fryslân is sneontemoarn op tal fan plakken it grutte DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra begûn. Justysje hat foar sneon sawat 2400 manlju oproppen om wangslym ôf te stean.

Mei-inoar hawwe goed 8000 manlju yn in straal fan 5 km om it plak fan it misdriuw hinne in útnoeging krige. Yn blokken fan twa oeren kinne se nei de ôfnamelokaasjes komme. Justysje ferwachtet in hege opkomst. It DNA-ferwantskipsûndersyk is nedich om de moardner fan Marianne Vaatstra te finen. Sy waard yn 1999 by Feankleaster fermoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)