DNA nekt Dokkumer

20 jan 2006 - 20:48

In 28-jierrige man út Dokkum is oanhâlden foar in gewelddiedige oanfal yn 2002 op in 21-jierrige frou út Castricum yn har wenplak. De Dokkumer siet al yn de finzenis sûnt 11 oktober ferline jier foar ûnder oare it stellen fan auto's yn sawol Fryslân as Grinslân.

De plysje kaam de man op it spoar troch it fergelykjen fan syn DNA-profyl yn in databank. De man seit ûnskuldich te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)