DNA moat bestjoerder oanwize

31 mrt 2010 - 10:15

De plysje besiket der mei DNA-ûndersyk achter te kommen wa't tiisdeitejûn in auto bestjoerde dy't op in rotonde yn de Verlengde Schrans yn Ljouwert in oanriding feroarsake. It ûndersyk is nedich omdat de trije manlju dy't yn de auto sieten net sizze wolle wa't der stjoerde.

Ut in blaastest hat bliken dien dat alle trije dronken wiene. Se rekken mei har auto de auto fan twa ynwenners fan Bakkefean. Dy rekken licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)