DNA bern yn databank

08 des 2009 - 10:38

It Nederlands Forensisch Instituut hat it DNA fan 84 minderjierrigen út it arrondissemint Ljouwert opnaam yn in databank foar kriminelen. Dat tal is net folle heger as yn oare jierren. Dat seit in wurdfierder fan it NFI.

De sifers kamen nei bûten, omdat organisaasje Defence For Children in berop die op de Wet Openbaarheid Bestuur. De organisaasje publisearre dêrnei de sifers en sei dat it tal minderjierrigen yn de DNA-databank neffens begjin 2008 sawat ferdûbele is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)