DNA-ûndersyk: ynbrekker pakt

19 jan 2012 - 10:57

    In 44-jierrige ynwenner fan Ingwierrum is oanhâlden foar ynbraken dy't er in 2009 en 2010 yn Harns dien hat. Nei ynbraken yn de kantine fan it sportkompleks oan de Westerseedyk en yn in restaurant op de Waadpromenade yn Harns, waard DNA-materiaal fûn. Dat is opstjoerd nei it Nederlands Forensich Instituut.

    By it NFI waard dúdlik dat it selmateriaal ôfkomstich is fan de Ingwierrumer. By it ferhear hat er de ynbraken bekend.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)