'DLG moat yn Ljouwert bliuwe'

17 nov 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert moat de fêstiging fan de Dienst Landelijk Gebied yn de stêd sjen te behâlden. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan it CDA. De DLG moat neffens de partij bliuwe fanwegen it agraryske karakter fan Fryslân en it tal arbeidsplakken by de tsjinst.

No't Steatboskbehear út Ljouwert wei giet, is it wichtich dat de DLG wol bliuwt. De Ljouwerter riedsfraksje fan it CDA hat skriftlike fragen oer de kwestje oan it kolleezje steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)