Djuricic talint fan it jier

22 apr 2011 - 18:34

SC Hearrenfeanspiler Filip Djuricic is útroppen ta grutse fuotbaltalint yn Servië. Hy reizget dit wykein ôf nei syn heitelân. Takom tiisdei nimt hy de priis yn de haadstêd Belgrado yn ûntfangst.

Djuricic stiet sûnt dit seizoen regelmjittich yn de basis fan Hearrenfean. En hy kaam al ferskate kearen út foar Jong Servië. In pear wike lyn rûn hy yn de útwedstryd tsjin PSV in blessuere op oan it ankel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)