Djoerste huzen stean op Skier

03 feb 2011 - 13:00

Skiermûntseach hat de djoerste huzen fan Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan it kadaster. In hûs dêr koste ferline jier yn trochsneed goed 361.000 tûzen euro. Fryslân komt fierder op de list fan woningmarktcijfers.nl kwalik foar.

Skier stiet op it 21e plak. Skylge en Flylân hawwe ek relatyf djoere wenten. De djoerste gemeente op de Fryske fêstewâl is Lemsterlân. Blaricum hat de djoerste huzen fan Nederlân. In hûs dêr kostet trochinoar hast acht ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)