Djoere sylboat werom fûn

18 aug 2006 - 10:53

De plysje hat de sylboat dy't woansdei op 'e Lemmer stellen wie, wer werom fûn. De boat waard oantroffen yn Hylpen. De sylboat fan it merk Bavaria waard by in rekreaasjewenning oan it Wiid fuorthelle. De wearde wurdt rûsd op 60.000 euro. Neffens in wurdfierder fan de plysje is net alhiel dúdlik oft de boat ek echt stellen is.

It liket der op dat de boat fuorthelle wie fanwege in saaklik skeel. De plysje ûndersiket de saak fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)