'Djoere spitskaart min idee'

04 apr 2010 - 12:11

Reizgersorganisaasje Rocov fynt it in minne saak dat de NS oerwaget om de kaartsjes yn de spits djoerder te meitsjen. Kaartjes bûten de spits soene júst goedkeaper wurde moatte om reizgers mear te sprieden oer de dei. Dat seit wurdfierder Rita van Gelder.

Neffens har moatte de measte minsken yn de spits reizgje omdat se nei it wurk moatte. As de kaartsjes dan djoerder wurde, bestiet de kâns dat sy net mear mei de trein, mar mei de auto geans, seit Van Gelder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)