Djoere opsjes dyk Dokkum skrast

08 jan 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân hat de djoere opsjes yn it trajekt fan de Sintrale As skrast. It plan foar de ûntslutingsdyk yn Noardeast-Fryslân fan Dokkum nei de Wâldwei, is wer in stap fierder.

Deputearre Steaten hawwe fêststeld hokker opsjes noch fierder bestudearre wurde sille. No kin de saneamde MERtracé-stúdzje opset wurde. De djoere opsjes lykas ûndertunneling fan Burgum of Damwâld wurde net mear meinaam yn dy stúdzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)