Djoere opknapbeurt swimbad

15 okt 2011 - 08:58

Swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert iepenet hjoed syn doaren wer.nei in yngreven opknapbeurt fan syn rekreaasjebad. Sa is der nije ferljochting kaam en is der in nije flier lein om it bad hinne.

De grutste klus wie lykwols it bad sels. It wie de bedoeling allinnich de foegen tusken de tegels te fernijen, mar doe kamen de tegels los. Dertroch waarden ek alle tegels ferfongen. Dat soarge der foar dat de ferbouwing tsientûzenen euro's ekstra koste hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)