Djoere kûgels foar Afvalsturing

23 des 2003 - 00:00

It oprêden fan 'e munysje op it terrein fan 'e eardere ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert kostet Afvalsturing Friesland tsientûzenen euro's ekstra. Dat is de balâns no't it wurk dien is.

Yn 'e grûn leine 1500 hulzen en granaten. As útsocht is wêr't it spul weikomt, kinne de kosten ferhelle wurde op de fersmoarger. Underwilens kin Afvalsturing fierder gean mei it oprêden fan 'e grutte bulten ôffalhout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)