Djoere houten boat stellen

19 mrt 2011 - 12:27
  • Foto's: www.dadergezocht.nl

In boat fan 100.000 euro is ferline wike stellen út it skipshûs fan in fakânsjehûs yn Boarnsweach. It giet om in teakhouten flet fan 7,5 meter lang. De boat is yn 1991 boud troch skipswerf De Jong op 'e Jouwer. Neffens de 63-jierrige eigner út Boalsert is de boat stellen tusken 13 en 18 maart.

De plysje hat in Boargernetaksje op it wetter opset. Brêgewippers, havenmasters en slûswachters wurdt frege om nei de boat út te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)