Djoere dekhynst werom fûn

07 mrt 2014 - 23:23
  • Alke 468 yn aksje

De dekhynst Alke 468 is werom fûn. Dat lit eigener Hendrik Eppinga fan dekstasjon Gaasterland yn Aldemardum witte op facebook. Yn de nacht fan tongersdei op freed waard Alke 468 stellen. De hynst hat in wearde fan goed fjouwer ton. It wie foar it earst dat by it dekstasjon in hynst stellen waard.

It is noch net dúdlik wêr't de hynst no krekt stiet. Eppinga seit dat it hynder net yn Fryslân stiet, mar noch wol yn Nederlân is. De eigener is ferromme dat de hynst no wer fûn is en kin net wachtsje oant Alke 468 wer thús is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)