Djipterekôr fan 17 ljipaaien

01 apr 2013 - 12:14

De ôfrûne moanne binne mar 17 ljipaaien fûn yn Fryslân. Dat hat foarsitter Rendert Algra fan it BFVW witte litten. De oarsaak fan dit djipterekôr is it winterkâlde waar. Snein 31 maart wie de lêste dei dat noch nei ljipaaien socht wurde mocht. In soad gemeenten yn Fryslân moatte it dit jier sûnder it earste ljipaai dwaan. De measte ljipaaien binne benammen de lêste dagen noch fûn. De finer fan it earste ljipaai dit jier wie Melle van der Meer fan Sumar. Hy fûn letter noch in aai.

Troch it kâlde waar en it lyts bytsje fretten dat de greidefûgels fine kinne, lizze se hast gjin aaien. Ek foar de fûgels is it in dramatysk minne start fan it briedseizoen. Neffens de fûgelwacht helje se dat wol wer yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)