Djiptepunt tal moksels Waadsee

05 maaie 2003 - 00:00

It tal jonge moksels yn de Waadsee hat noch noait sa leech west. Der is op it stuit mar fiif miljoen kilo mokselsied dat opfiske wurde kin, yn tsjinstelling ta de 70 miljoen kilo yn 2001. De kwekers hawwe 10 miljoen kilo nedich om út de kosten te kommen.

Neffens de Stichting Wilde Kokkels hawwe de fiskers alle jonge moksels yn 2001 hast yn ien kear opfiske. De fiskers sizze dat der hast gjin nije moksels binne troch de mylde winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)