Djipste punt Saailân-garaazje

17 nov 2009 - 11:26
  • De nije Saailângaraazje hat djipste punt berikt

De flier fan de nije parkeargaraazje Saailân is op it djiptste punt oankaam. Boukombinaasje Ljouwert Sintrum hat nei moannen fan brekken in djipte fan hast seis meter ûnder it NAP berikt. Dat is hast acht meter ferskil mei de strjitte.

It djipste punt is as earste berikt by de Fryslân Bank. Dêr komt ek de op- en ynrit nei de garaazje. Yn desimber geane der 750 fûndearringspeallen de grûn yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)