DJ checkt Bogerman yn Snits

02 feb 2006 - 14:07

DJ Barry Paf fan Radio 538 kaam woansdei op it Bogerman College yn Snits om te sjen hoe cool de skoalle is. It Bogerman is yn de race foar de School Award 2006. De skoalle is ien fan de fjouwer finalisten.

Fanwege de besite wie de hiele skoalle oanklaaid yn 538-styl. Der wie in grut feest en in soad entûsjasme, want dat is nedich om de award te winnen. Dy wurdt op 9 febrewaris útrikt yn de Hollywood Music Hall yn Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)