Dizze krystdagen binne waarmste ea

26 des 2015 - 09:18
  • Knopkes oan in beam troch it waarme waar

Nei de waarmste earste krystdei, is no ek de waarmste twadde krystdei ea in feit. De temperatuer wie ôfrûne nacht al 14,1 graden en oerdei bliuwt it waarm. It âlde rekôr stie op 12,1 graden en waard mjitten op twadde krystdei 1974. Dêrmei binne it de waarmste krystdagen sûnt it begjin fan de offisjele mjittings yn 1901. De lêste wite krysttiid wie yn 2010.

Snein wurdt it mei sa'n 14 graden nei alle gedadchten ek de waarmste 27 desimber ea. Nei it wykein wurdt it oerdeis sa'n 11 oant 12 graden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)