Dit jier wol autocross Hallum

25 aug 2012 - 10:41
  • Autocross

Yn Hallum giet sneon om 11 oere de 49e autocross los. Dat is goed nijs foar de leafhawwers, want de ôfrûne twa jier koe it evenemint net trochgean fanwege it minne waar. Oan de start ferskine auto's fan ferskate klassen, wêrûnder stockcars. De organisaasje ferwachtet mear as twatûzen besikers. De provinsje hat spesjaal foar de autocross de ôfsluten dyk rjochting Holwert tydlik iepensteld.

It hat fannacht net reind yn Hallum. De wedstriidbaan leit der goed by. It parkearterrein is ek goed te beriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)