'Dit jier net genôch aaien'

27 mrt 2006 - 10:53

In grut tal Fryske boargemasters sil it dit jier sûnder it earste ljipaai stelle moatte. Dat ferwachtet alteast foarsitter Anne Osinga fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Osinga tinkt dat fanwege it kâlde waar mar 10% fan de ljippen in aai lizze sil.

Dat is te min om alle boargemasters in aai te garandearjen. Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels krige sneon wol in aai: it earste ljipaai fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)