Dit jier gjin Nacht van Ameland

14 jan 2006 - 16:48

Amelanner muzykferienings trede dit jier net op yn in Dútse stêd. Under de namme 'De Nacht van Ameland' wie dat de lêste trije jier wol gebrûklik. Yn maart soene 150 Amelanner muzikanten en sjongers nei Weisweiler, by Aken, mar de organisaasje dêr hat ôfsein. Se ha it dêr te drok mei karnaval.

De gemeente sjocht no hoe't de 'Nacht van Ameland' profesjoneler oanpakt wurde kin en ek better promoate wurde kin yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)