Dit jier al sân dassen dea

30 mrt 2003 - 00:00

Der binne dit jier al sân dassen deariden yn Gaasterlân. Ferline wike rekken der mar leafst trije tagelyk dea. Oare jierren falle der mei inoar sa'n tsien slachtoffers.

Yn hiel Gaasterlân libje sa'n 120 dassen en dy sitte op in eilân. As der in tekoart oan iten is, geane de bisten op 'n paad mei alle risiko's. Boskwachter Gosse Hylkema fan Steatsboskbehear pleitet dêrom foar in feilige dassedyk yn Gaasterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)