Distrivaart no ek yn Drachten

25 feb 2003 - 00:00

Drachten is dizze wike opnommen yn 'e rûte fan it projekt Distrivaart. Dat betsjut dat der ien kear yn 'e wike in skip komt mei bier en frisdrank. De inisjatyfnimmers wolle in alternatyf biede foar it ferfier mei frachtauto's. Distrivaart hat foar Drachten keazen fanwege de sintrale lizzing.

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân is tige wiis mei de kar foar Drachten. Neffens him is Drachten it distribúsjesintrum fan it noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)