Distribúsjesintrum Bentex ticht

02 des 2000 - 16:37

It distribúsjesintrum fan 'e Bentextekstylketen, op 'e Lemmer, giet ticht. De 26 meiwurkers krije allegearre dien. Reden is dat it bedriuw effisjinter wurkje wol. Memmebedriuw Macintosh joech tongersdei al in winstwarskôging.

Bentex hat 48 filialen yn it Noarden. Dy wurde tenei befoariedde út Limburchske Stein wei, sa hat it memmebedriuw besletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)