Diskusjejûn oer sûnenssoarch

03 sep 2009 - 09:57

De Socialistische Partij yn Smellingerlân organisearret no moandei in jûn oer sûnenssoarch. De jûn wurdt hâlden yn gearwurking mei de aksjegroep NuBasta, dy't fynt dat der tefolle ferskraling yn de soarch is.

Der wurdt ûnder oaren in foarumdiskusje hâlden mei minsken út de soarch en it ûnderwiis. Ek SP Twadde Keamerlid Renske Leyten docht oan de diskusje mei. Sjonger Bowe lit op de jûn syn protestliet tsjin de ferskraling yn de soarch hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)