Diskusjearje op ynternet mei provinsjale politisy

06 mrt 2015 - 15:17
  • Ynternetside fan Doarpswurk

Ynwenners fan Fryske doarpen kinne op ynternet yn diskusje mei provinsjale politisy. De stifting Doarpswurk lit op de eigen webside alle listlûkers foar de steateferkiezings fertelle wat sy dwaan sille om de doarpshuzen yn stân te hâlden. Sokke 'moetingspunten' binne wichtich foar de leefberheid, seit Doarpswurk.

Doarpsbewenners kinne reagearje op de stânpunten fan de politisy. Doarpswurk biedt sa in poadium dêr't de polityk en de gewoane minsken elkoar treffe en mei-inoar diskusjearje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)