Diskusjearje oer komst AZC yn nij platfoarm Hearrenfean

25 jan 2016 - 14:16
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean begjint dizze wike mei in nij online diskusjeplatfoarm: Argu. Hjirop kinne ynwenners ideeën útwikselje en diskusjearje mei-inoar en mei de gemeente oer aktuele saken. De gemeente Hearrenfean hopet hjirmei mear minsken te belûken by gemeentepolityk.

It idee is dat minsken harren net foar langere tiid fêstlizze hoege, lykas yn in panel of as riedslid. It moat leechdrompelich wêze. It earste ûnderwerp op Argu is de komst fan in AZC op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)