Diskusje oer wynmûnen

01 okt 2003 - 00:00

Yn Gaasterlân-Sleat binne se posityf oer skjinne enerzjy, lykas wynmûnen. Mar se witte net oft dy mûnen yn de eigen gemeente komme moatte. Dat wie de útkomst fan de diskusje tiisdeitejûn yn de gemeentepolityk.

De FNP en de ChristenUnie stelden út de mûnen by buorgemeente De Lemmer te pleatsen. Der is net in beslút oer nommen. De polityk sil letter fierder prate oer skjinne enerzjy. Wannear is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)