Diskusje oer takomst keatsen

03 mrt 2012 - 12:20

It keatsbûn KNKB sil kommende woansdei yn diskusje mei de foarsitters fan de ferienings oer de takomst fan it keatsen. It bûn docht dat mei stellings as: 'Alle keatsfjilden yn Fryslân moatte elke woansdei- en freedtemiddei iepen wêze foar elk. De KNKB moat troch in weromrinnend tal abonneminten ophâlde mei it bûnsblêd WIS-IN en ferienings wurde sels ferantwurdlik foar de takomst fan it keatsen. De KNKB fasilitearret allinne mar'.

Doel fan de diskusje is it sterker meitsjen fan de keatssport yn Fryslân, sa sei KNKB-foarsitter Sipke Saakstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)