Diskusje oer takomst Harns

21 okt 2007 - 13:44

De gemeente Harns wol no tiisdei yn sealesintrum Trebol mei ynwenners diskusjearje oer de takomst. De gemeente hat sels ûndersyk dien oer in tal plannen foar de takomst fan de stêd oer de perioade oant 2025.

De gemeente wol lykwols graach fan de Harnzers wite hoe't dy der oer tinke. Oan de hân fan tema's as wenjen, wurkjen en rekreaasje meie de ynwenners sizze wat se wol en perfoarst net wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)