Diskusje oer ôffaloven sêd

14 jul 2011 - 20:51
  • Sa stadich oan witte de minsken it wol...

Ynwenners fan Harns en omjouwing binne de diskusje oer de ferbaarningsoven sa stadichoan mear as sêd. Alteast, sa liket it. Tongersdei hie de gemeente Harns in ynrinmiddei organisearre foar minsken dy't fragen hawwe oer de oven en dêr kamen seis belangstellenden op ôf.

De lêste jierren hat de ferbaarningsoven in soad yn it nijs west, omdat minsken benaud binne foar smoarge reek. Yn septimber is der in iepen dei fan de ôffalferbaarningsoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)