Diskusje oer Ljouwerteradiel

19 sep 2011 - 21:52

In lytse 100 minsken kaam moandeitejûn yn Stiens ôf op in diskusjejûn oer de takomst fan de Ljouwerteradiel. De jûn waard organisearre troch de ûndernimmersferiening, de VVD en de PvdA. De oare politike partijen woene net meidwaan oan de jûn. Se binne foar gearwurking yn Middelseeferbân mei de gemeenten Ferwerderadiel, It Bilt en Menameradiel.

VVD, PvdA en ek de ûndernimmers fine dat dy gearwurking net genôch opsmyt en wolle ek nei fúzje mei Ljouwert sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)