Diskusje oer kij yn 'e greide

07 maaie 2014 - 10:34
  • Kij nei bûten
  • Weidecoach Menno van der Veen

De diskusje oft kij better ôf binne yn de greide of op stâl bestiet al jierren. Foarich jier is de Stichting Weidegang dêrom yn it libben roppen. Dy hat spesjale Weidecoaches oansteld om boeren te ynformearjen oer in sa optimale weidegong. In soad boeren wolle graach it byld fan kij yn de greide behâlde. Weidecoach Menno van der Veen begeliedt sa'n tsien boeren dy't dwaande binne of oan de slach wolle mei de weidegong. Doel is dat dizze boeren har ûnderfinings mei-inoar diele.

Mar de boer fan tsjintwurdich is ek in manager dy't sa effisjint mooglik mei syn bedriuw omgean moat om de holle boppe wetter te hâlden. En dan past mooglik it útgongspunt fan kij op stâl better. Alle Mulder fan Suwâld is in boer dy't de kij it hiele jier op stâl hâldt. Hy fynt dat er sa effisjinter wurkje kin en it hiele boereproses better planne kin. Hy wurket sûnt in oantal jierren mei de kij op stâl en it befalt him goed. Hy fynt dat der in skean byld ûntstien is fan korporaasjes lykas FrieslandCampina. Dy stimulearret dat de kij de greide yn moatte. Neffens him is de kij op stâl better foar it wolwêzen fan in ko as de bisten yn de greide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)