'Diskusje oer beskuldigings'

29 nov 2012 - 20:48
  • Bearn Bilker

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân fynt it in goede saak dat der no in diskusje op gong komt oer de ferwiten dat in asylsiker Marianne Vaatstra fermoarde hawwe soe. No't de 45-jierrige Jasper S. út Aldwâld fertochte is, wolle in soad minsken dat der ekskuzes oanbean wurde troch minsken dy't earder asylsikers beskuldige ha.

Dat fynt Bilker in stap te fier, mar der oer prate is neffens him wol in goede saak. De gemeente krijt in soad reaksjes op de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)