Diskusje jacht Skylger herten

28 sep 2009 - 11:09
  • De noch twa oerbleaune herten wurde net mear bejage

It ministearje fan LNV besjocht de kommende wiken oft de jacht op de lêste Skylger herten opnij begjinne sil. Heal maart waard de jacht op de herten stillein omdat it te drok op it eilân waard om feilich te jeien.

Fan oktober ôf soe de jacht wer los kinne. Oft dat ek bart moat noch besletten wurde. De wyldbehearsienheid fan it eilân hat freed praat oer de hertejacht: sa'n bytsje de helte fan de jagers wolle de beide herten en har kealtsjes libje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)