Diskusje binnen FNP oer konsept-kandidatelist

10 nov 2014 - 21:47
  • Yn de Noarderpolder by Dronryp steane al fiif wynmûnen

Binnen de FNP is diskusje oer de konsept-kandidatelist foar de Steateferkiezings. Op nûmer 7 stiet Jan Dijkstra fan Hitsum. Hy is op it stuit fraksjefoarsitter fan de FNP yn 'e gemeenteried fan Frjentsjerteradiel. Syn stânpunt oer de wynmûnekwestje wykt ôf fan de partij.

Neffens Dijkstra soe de FNP bêst foar wynmûnen op it lân wêze kinne as dêr draachflak foar is. Om syn ôfwikende stânpunt is net eltsenien binnen de FNP bliid him in heech plak op de list foar de Steateferkiezings te jaan.

Op freed 21 novimber sille de partijleden stimme oer de ferkiezingslist mei de kandidaat-Steateleden derop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)