Diskusje bernebuorkerij Skier

03 jun 2011 - 11:49

De gemeente Skiermûntseach moat de bernebuorkerij op it eilân net slute. Dat seit de Kommisje Bernebuorkerij. Yn novimber dit jier giet de behearder fan de bernebuorkerij mei pensjoen en de gemeente hat dêrom besletten om de bernebuorkerij te sluten.

De gemeente soe dêr alle jierren in soad jild mei besunigje. Neffens de kommisje binne der lykwols in soad eilanners dy't gebrûk meitsje fan de bernebuorkerij. Op 15 juny sil de gemeenteried der fierder oer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)