Diskusje aaisykjen mei fierder

23 apr 2014 - 22:25

It bestjoer fan de fûgelwacht Grou mei de diskusje oangean oer it wol of net ôfskaffen fan it ljipaaisykjen. Dat is de útkomst fan in spesjale ledefergadering dy't woansdeitejûn hâlden waard. Neffens it bestjoer is it meinimmen fan de aaien min foar de ljip, mar wol net ien dy diskusje oangean om't it ûnderwerp tige gefoelich leit.

Twa moanne lyn kaam it bestjoer al mei har stânpunt nei bûten, mar woe earst noch mei de leden oerlizze oer de folgjende stap. Uteinliks stimden woansdeitejûn 16 leden foar it opstarten fan de diskusje en wiene 13 tsjin. It bestjoer sil sa gau as mooglik om de tafel mei natoerorganisaasjes, oerheden en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)