Diskusje 11-stêden en iisbûn

25 nov 2013 - 11:12

De bestjoerlike relaasje tusken de Alvestêdeferiening en it Frysk iisbûn moat besjoen wurde. Dat fynt de Alvestêdeferiening sels. Op dit stuit is de foarsitter fan it iisbûn ek de iismaster fan de Alvestêdeferiening. Dat soe miskien oars moatte, seit de Alvestêdeferiening. Beide funksjes wurde no útoefene troch Jan Oostenbrug.

It iisbûn soarget winterdeis foar begeanbere rûtes troch hiel Fryslân. Yn it gefal fan in Alvestêdetocht wurket it bûn nau gear mei de organisaasje fan de tocht, troch it iis goed te ûnderhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)