Diskriminearjende opmerkings

06 mrt 2010 - 14:20

In ynwenner fan Harns (37) is freedtejûn ûnder de wedstriid fan SC Cambuur tsjin FC Zwolle oanhâlden. De man makke diskriminearjende opmerkings tsjin in spiler fan FC Zwolle. Stewards warskôgen dêrop de plysje. Doe't dy de man oanhâlde woe, misledige er de plysjes.

Yn it plysjeburo sei de man dat er spyt hie fan syn gedrach. Neffens him hie hy te folle drank hân. Hy krige in boete fan 500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)