Diskoteek wurdt jeugdsintrum

02 jul 2009 - 20:36

Diskoteek Gossip op It Hearrenfean wurdt yn de takomst troch de wike in jongereinsintrum. Dat plan hat de disko betocht yn gearwurking mei wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop Heerenveen.

It jongerensintrum moat dat yn de pleats de Sfinks ferfange. Sûnt de jeugd dêr net mear te plak kin, ha se gjin ûnderkommen mear. It jongerensintrum komt op proef yn de diskoteek, foar twa jier. Boargemaster en wethâlders fiele wol foar it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)