Diskoteek Kollum isolearre

22 maaie 2005 - 12:37

Nei tolve jier fan klachten oer lûdsoerlêst, is de rêst yn it sintrum fan Kollum einlings werom. Diskoteek Paradiso is hielendal opnij isolearre en dat betsjut foar de omwenners dat se einlings wer rêstich sliepe kinne.

Freedtejûn waard de superisolearre disko weriepene. De buertbewenners binne tefreden oer de isolaasje. Earder hiene se noch it plan om Paradiso sels mar te keapjen om fan al it leven ôf te wêzen, mar dat waard te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)