Diskoteek De Treemter ticht

18 feb 2014 - 14:42
  • Diskoteek De Treemter giet definityf ticht

Diskoteek de Treemter yn Grou giet ticht. Eigener Erik Ferwerda hat it fallisemint oanfrege. Neffens him rint de diskoteekmerk al jierren tebek. Ek hat Ferwerda lêst fan de nije alkoholregel. Jongerein ûnder de 18 bliuwt no faker thús. Ferwerda hat 23 jier yn 'e Treemter wurke, wêrfan de lêste acht jier as eigener.

Ferwerda sil him no dwaande hâlde mei syn nije bedriuw PaintGlow, in bedriuw yn feesteveneminten, dêr't besikers mei farve bespuite wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)