Diskogongers oanholden mei drugs

22 jul 2002 - 00:00

De plysje fan Grinslân hat twa Friezen oanholden yn in diskoteek yn Sânhuzen. De twa, in ynwenner fan It Hearrenfean en ien fan Bûtenpost, waarden der fan fertocht dat se it drug GHB by har hiene. De beide binne nei ferhoar wer frijlitten, it drug is yn beslach naam.

De Bûtenposter waard letter op 'e nij pakt, om't er noch trije buiskes mei drugs yn 'e auto hie. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)