Disko Waskemar brânfeilich

14 feb 2006 - 09:49

By Diskoteek de Bult yn Waskemar mankeart neat oan de brânfeiligens. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ministearje fan VROM. Dat hat yn hiel Nederlân tritich disko's kontrolearre. By mear as de helte wie nochal wat mis.

By De Bult mankearde allinnich wat oan in elektrisiteitskabel, en dat is ûnderwilens ferholpen. De diskoteek hat in nije eigner krigen. Dy lit de saak ferbouwe en hat de brânwacht dêrby om advys frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)