Diselriders stappe oer op gas

07 jan 2008 - 11:30
  • Diselriders stappe oer op gas (foto Martin de Jong)

Hieltyd mear diselriders stappe oer op gas. Dat sizze bedriuwen dy't spesjalisearre binne yn it ynbouwen fan gastanks. It tal gastanks dat ynboud wurdt yn benzine-auto's is ferline jier sawat gelyk bleaun.

Diselriders stappe leaver oer op gas as dat se in roetfilter yn har auto ynbouwe litte. Autogas is goedkeaper as benzine en disel, om't der minder aksyns op sit. Ek is gas net keppele oan de oaljepriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)